Jans geheimsinnich oer basis

12 nov 2010 - 15:13

Trainer Ron Jans woe freedtemoarn neat sizze oer de basisopstelling fan syn ploech foar de útwedstriid tsjin Feyenoord. De kâns is oanwêzich dat Jans syn opstelling oanpasse sil, mar woe dêr fierder net op yngean. 'We hebben diverse varianten getraind', wie it iennichste dat hy kwyt woe.

Feit is wol dat Jans benammen ûntefreden is oer de ynstelling fan syn spilers yn de lêste bekerwedstriid tsjin NAC Breda. Hearrenfean ferlear dy wedstriid kânsleas mei 2-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)