'Turborotondes gefaarlik'

12 nov 2010 - 11:04

De ferkearssituaasje op twa nije turborotondes yn Ljouwert moat feiliger makke wurde foar fytsers. Dat fynt Pal/GrienLinks yn de gemeenteried fan Ljouwert. Neffens de partij is it foar fytsers hiel gefaarlik om de twa nije rotondes oan de Heliconwei oer te stekken. Der binne ek al in soad klachten oer kaam.

Pal/GrienLinks soe it leafst sjen dat der fytstunnels komme. As dat te djoer is, soene fytsers foarrang krije moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)