Auto útbaarnd op A31
Op de A31 by Marsum is tongersdei in auto útbaarnd. De 52-jierrige bestjoerder út Ljouwert ried oer de autodyk doe't er in brânlucht rûkte.
De man gie fan de sneldyk ôf en seach doe dat der flammen út de luchtroasters kamen. De Ljouwerter koe syn auto krekt op 'e tiid ferlitte foardat de wein yn brân fleach. De brânwacht koe net foarkomme dat de auto folslein útbaarnde.