Himpkwekerij boppe winkel fûn

De plysje hat tongersdei op twa plakken yn Ljouwert in ynfal dien nei tips oer himptylt. Yn in winkel oan De Weerd waard in himpkwekerij oantroffen op de boppeferdjipping. Der stiene gjin planten, omdat der krekt rispe wie. De apparatuer waard yn beslach naam. It wie al de tredde kwekerij dy't yn dizze strjitte fûn waard.
Yn in wente oan de Halbertsmastrjitte fûn de plysje in pear kilo droege himp. Ek waard der wyt poeier oantroffen, nei alle gedachte kokaïne.