VVD 'tinkt nei' oer Cambuur

12 nov 2010 - 09:56

De Ljouwerter VVD-riedsfraksje sil neitinke oer in nije liening of garantstelling foar SC Cambuur. It kolleezje hat sein neat te fielen foar in liening om de fuotbalklup te rêden.

Cambuur hat gau 1 miljoen euro nedich om it rinnende seizoen ôfmeitsje te kinnen. De VVD fynt dat Cambuur wichtich is foar Ljouwert en wol dúdlikheid oer de finansjele situaasje en it perspektyf fan de klup. Op 22 novimber wurdt yn in riedsgearkomste praat oer help oan Cambuur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)