Dokter Bibberregel bliuwt

12 nov 2010 - 09:26

De ynternasjonale reedriiduny, ISU, is foarearst net fan plan om de dokter Bibberregel te skrassen. Tongersdei hienen in grut tal trainers en reedriders hjir fia in petysje om frege. Dy petysje waard oanbean troch ûnder oare Sven Kramer. Under de regel meie reedriders op it rjochte ein net bûten de eigen baan komme op straffe fan diskwalifikaasje.

In fertsjintwurdiger fan de ISU seit wol dat de regel in bytsje soepel tapast wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)