Projekt mei baangarânsje

12 nov 2010 - 07:23

It UWV en soarchynstelling Talant geane mei-inoar de striid oan tsjin de jeugdwurkleazens yn Noardeast-Fryslân. De organisaasjes ha in projekt opset, wêrby't de jongeren in oplieding krije yn de soarch. As it fan beide kanten foldocht, garandearret Talant de jongeren in kontrakt foar tweintich oeren.

It projekt is al oan de gong. De dielnimmers binne spesjaal útsocht. Se ha ek in sollisitaasjeproseduere trochrinne moatten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)