Auto yn de sleat by St. Anne
By Sint Anne is tongersdeitejûn in bestjoerder mei syn auto fan de dyk rekke en yn in sleat ta stilstân kaam.
De bestjoerder siet by oankomst fan de helptsjinsten op it dak fan syn auto. Hy is dêr mei help fan in ljedder ôf helle. De man is foar ûndersyk meinaam nei it sikehûs. De krekte oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.