Skip fêst by Skiermûntseach
In fiskkotter hat tongersdei oan de ein fan de middei fêstsitten op it Westgat by Skiermûntseach. It skip rekke oan leger wâl troch de hurde wyn en min sicht troch swiere reinbuien. De bemanning fan de rêdingsboat fan Skiermûntseach hat holpen om it fiskersskip wer flot te lûken.
It skip is nei de rêdingsaksje wer gewoan fierder fearn.