Fúzje Rabobank Stellingwerven

Rabobank De Stellingwerven wol fusearje mei de Rabobank Hearrenfean-De Gordyk. De ried fan kommissarissen en de direksje tinke dat de bank net selsstannich bestean bliuwe kin. Ferline jier woene beide banken ek al fusearje. Dat gie doe net troch om't de ried fan kommissarissen fûn dat de nije bank te grut wurde soe.
As de fúzje trochgiet ûnstiet der in bank mei in balânstotaal fan 3,3 miljard euro. It wurdt dan de grutste agraryske bank fan Noard-Nederlân.