Belesting SWF ûnder gemiddelde

11 nov 2010 - 21:02

De gemiddelde ynwenner fan de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân betellet takom jier 1,5 persint mear belesting. Foar it gemiddelde gesin komt dat del op 591 euro. Dêrmei sit de gemeente ûnder it gemiddelde yn Fryslân.

De fiif gemeenten dy't op 1 jannewaris fusearje hawwe no noch elk harren eigen belesting, mar nei de fúzje moat dat itselde wêze. Foar guon ynwenners betsjut dat in ferheging, mar oaren geane der op foarút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)