Groei bedriuwen bliuwt achter

De groei fan bedriuwen yn Fryslân bliuwt achter by de rest fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Financieel Dagblad. Dat komt benammen troch de ekonomyske krisis.
It ûndersyk waard bekend makke by de útrikking fan de Gazellen Awards 2010. Dy priis giet nei bedriuwen dy't hurd groeie. Der wurdt dan sjoen nei de omset fan de lêste trije jier. Yn Fryslân krigen E-Kwadraat Advies B.V. en Fier Fryslân de Award.