SWF: besparring fan 9 miljoen

11 nov 2010 - 19:57

De weryndieling yn de Súdwesthoeke soarget foar in besparring fan goed 9 miljoen euro. Dy besparring soarget derfoar dat de nije gemeente net hoecht te besunigjen en sels romte hat foar nije dingen. Dat stiet yn de begrutting foar de nije gemeente dy't tongersdei presentearre waard.

Troch de weryndieling kin der ûnder oare besparre wurde op personiel en it tal bestjoerders. De nije gemeente hat minder wethâlders en der is mar ien boargemaster yn stee fan fiif.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)