Wer minder skoalferlitters

11 nov 2010 - 19:44

It tal bern dat sûnder diploma fan skoalle giet is opnij ôfnaam. It ôfrûne skoaljier wiene dat der 692. In goede fjirtich minder as it jier derfoar.

It doel is dêr nochris tsientallen ôf te heljen. Dat stiet ek yn de ôfspraken dy't guon Fryske gemeenten makke ha mei it ministearje fan ûnderwiis.

Skoallen krije dêrfoar ek ekstra jild fan it ryk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)