Provinsje wol rike hynstelju

11 nov 2010 - 16:47

De Wâlden krijt syn eigen Blauwe Stêd. Tusken Kollum en Bûtenpost moatte rike hynsteleafhawwers komme te wenjen. It gebiet dat no bekend stiet as It Paradyske is neffens de bestjoeren fan Kollumerlân en Achtkarspelen poer geskikt om miljonêrs fan bûten de provinsje nei Fryslân te lokjen.

De hynstehâlders krije flinke lapen grûn mei dêrop grutte Amerikaanske ranches. De provinsje hat de twa gemeenten oanwiisd om út te sykjen oft sokke wenfoarmen hjir helber binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)