Gjin wurdearring fuotbalgrap

11 nov 2010 - 15:04

Fuotbalklup Twizel docht oanjefte fan in falske melding oer it ferstjerren fan ien fan it frouljusalvetal. De froulju fan Twizel spylje sneon tsjin de froulju fan SV Houtigehage.

De lieder fan it team fan Twizel seach dat yn it gasteboek op de webside in fersyk stie om de wedstryd ôf te sizzen fanwege it ferstjerren fan in teamlid. Inselde berjocht stie yn it gasteboek fan Houtigehage. Allinnich dêr stiet dat in lid fan it team fan Houtigehage ferstoarn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)