Transportbedriuwen nominearre

Foar de Ondernemersprijs Transport en Logistiek 2011 binne twa Fryske transportbedriuwen nominearre. Yn de kategory 'middelgrut' makket Land Transport VOF fan De Harkema kâns op in priis, transportbedriuw Hans Brolsma fan De Westereen is nominearre yn de kategory 'lyts'.
De priis wurdt útrikt oan in bedriuw dat him hieltyd ferbetteret en risiko's doart te nimmen. Op 20 novimber wurde de winners bekend makke.