De Vries en Hese fraachtekens

11 nov 2010 - 13:23

SC Cambuur-trainer Alfons Arts wit net oft Mark de Vries en Leon Hese freed yn de basis begjinne kinne tsjin Sparta. Beide spilers binne noch altyd net hielendal fit nei harren blessueres. Se meitsje wol diel út fan de wedstriidseleksje.

Dat jildt ek foar Nuelson Wau. De ferdigener kaam dit seizoen troch ferskate blessueres noch net yn aksje. Robert van Boxel en Reza Ghoochannejhad binne net ynsetber by Cambuur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)