Trochstart ynbringwinkel
De ynbringwinkel fan Appelskea makket in trochstart. De twaddehâns-winkel waard yn oktober troch de gemeente sletten, omdat it kontenerlokaal dêr't er yn siet te min wie.
Der is no in nije lokaasje fûn yn it haadgebou fan wolwêzensynstelling Harambe yn Appelskea. Probleem is allinne dat dat plak tydlik beskikber is en sicht op in fêst ûnderkommen is der noch net.