Byienkomst oer Teeling Petfood

11 nov 2010 - 12:05

Oer it bistefrettenfabryk Teeling Petfood yn Feanwâlden komt in ynformaasjegearkomste. It fabryk soarget al in jier foar stankoerlêst yn de omkriten fan it doarp. De gearkomste wurdt organisearre troch de gemeente Dantumadiel. Dy wol sa de ynwenners fan Feanwâlden ynformearje oer de lêste stân fan saken.

Teeling hat yntusken in rapport makke oer de lucht. Op de ynformaasje-gearkomste moat dúdlik wurde hokker maatregels it fabryk nimt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)