Folksuniversiteit hâldt op

11 nov 2010 - 10:42

De Volksuniversiteit Friesland fan it Friesland College hâldt op te bestean. Op de folksuniversiteit kinne folwoeksenen kursussen folgje yn ûnder oaren Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Drachten.

Om't der hieltyd mear oanbieders binne fan kursussen, rûnen de oanmeldings foar de folksuniversiteit bot werom. Yn it ferline wiene der wol jierren mei sa'n 2000 studinten, mar no binne der noch mar sa'n hûndert persoanen dy't lessen folgje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)