Brân wenhûs yn Boalsert

In hûs oan de Nyckle Haismastrjitte yn Boalsert is woansdei foar in part útbaarnd. De brân ûntstie middeis om in oere as trije op de boppeferdjipping.
De brânwacht hie it fjoer frij fluch ûnder kontrôle. Wol is der in soad reek- en wetterskea yn it hûs. De brân ûntstie mooglik op in sliepkeamer, tichtby in kompjûter.