Oerlêst fuotbalferkear oanpakt

Nije ferkearsmaatregels by fuotbalwedstriden fan SC Hearrenfean
Der komme nije ferkearsregels om fuotbalsupporters fan Hearrenfean nei de parkearplakken te dirigearjen. Dat om oerlêst tsjin te gean. Supporters wurde better ynfoarmearre, der komme yn de wiken faker in parkearferbod en der wurde mear bonnen útskreaun.
Om it stadion hinne binne genôch parkearplakken en dochs parkeare in soad supporters de auto's yn de wenwiken, yn parkjes, op it gers, op fytspaden en sels by de minsken foar de garaazje.