MS-deiboek wint priis
It MS-deiboek fan it MCL yn Ljouwert hat de Spider Award wûn. Dat is in priis foar it meast ynnovative en doelmjittige ICT-projekt yn de soarch.
Doel is dat de MS-pasjint thús in deiboek byhâldt. Sa kin op it sprekoere sjoen wurde wêr't omtinken oan jûn wurde moat. In ûnderdiel fan it MS-deiboek is it E-konsult. Fia in befeilige ynternetferbining kinne pasjinten streekrjocht fragen stelle oan it MS-sintrum yn it sikehûs.
Trefwurden:
argyf