Mystearje knetterwetter oplost

10 nov 2010 - 16:30

It mystearje fan de knetterjende wettersieders is oplost. Kalk is de oarsaak fan it leven dat de wettersieders en Senseo's meitsje. Dat hawwe se yn it laboratoarium fan wetterbedriuw Vitens útfûn. Der wiene goed sânhûndert mails mei klachten binnenkaam by Omrop Fryslân. De klachten komme benammen út it westen fan Fryslân.

Neffens Vitens kin it gjin kwea en leveret it beslist gjin skea oan de apparaten op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)