Gjin asbest by brân Boalsert

(foto: 112sudwestfryslan.nl, Jeroen Dashorst)
By in koarte brân yn in wenning oan de Nyckle Haismastrjitte yn Boalsert is woansdei gjin asbest frijkaam. De brân ûntstie tsjin trijen. It is noch net dúdlik wat de oarsaak is. Der wie mooglik sprake fan asbest yn de strjitte. De strjitte wie dêrom in skoftke ôfsletten.
De brân sels wie gau ûnder kontrôle. By de brân is ien persoan ferwûne rekke, troch it ynazemjen fan tefolle reek. It personiel fan in ambulânse hat foar behanneling soarge.