Priis foar akwadukten

De fiif akwadukten yn it Fryske Marreprojekt ha in nominaasje krigen fan de belangrike professor Agema-priis. Dat is in priis foar de meast ynnovative wetterboukundige projekten fan de lêste fiif jier.
De sjuery wie te sprekken oer it feit dat de akwadukten sawol de wettersporter as de automobilist rom baan jouwe yn Súdwest-Fryslân. Boppedat krige de gearwurking tusken provinsje, gemeenten en de ûntwerper de kompliminten fan de sjuery.