B. en w.:gjin jild nei Cambuur

10 nov 2010 - 12:06

Fuotbalklup Cambuur krijt gjin finansjele stipe fan de gemeente Ljouwert as it oan it kolleezje fan b. en w. leit. De fuotbalklup hat op koarte termyn 1 miljoen euro nedich om it seizoen útspylje te kinnen.

It kolleezje hat earder al oanjûn dat sy dit bedrach net oan Cambuur liene wolle. Ek wol it kolleezje net garant stean foar in liening by in bank. Fanwege it maatskiplik belang fan Cambuur wol it kolleezje wol prate oer in garantstelling foar Cambuur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)