Renovaasje brêge Burdaard

10 nov 2010 - 12:00

De fyts- en fuotgongersbrêge yn Burdaard wurdt renovearre. Dat is nedich om't de damplanken ferrotsje. Troch de golfslach yn de Dokkumer Ie giet dy ferrotting flugger. De fundearring fan it fyts- en fuotgongerspaad hat dêr ek fan te lijen.

Om it wurk goed dwaan te kinnen wurdt de brêge derút helle. Dit wurdt dien yn de winterperioade, sadat toeristen der sa min mooglik lêst fan hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)