Byb Appelskea noch jier iepen

Appelskea hat yn 2011 noch syn eigen biblioteek. De gemeente Eaststellingwerf hat de besuniging op de byb foarearst mei ien jier útsteld.
Der wiene plannen om de biblioteek Zuidoost-Fryslân mei 56.000 euro te koartsjen. De biblioteek hie al oankundige dat de festiging yn Appelskea dan ticht gean soe. De takomst bliuwt ûnwis, want ek de provinsje sil besunigje moatte.