Harnzer oppakt yn supermerk

10 nov 2010 - 09:52

In man mei in mes hat tiisdeitemiddei foar in soad ûnrêst soarge yn in supermerk oan de Spoarstrjitte yn Harns. Omdat de man dronken wie en in mes by him hie waard de plysje warskôge. Dy woe de man meinimme, mar dy fersette him bot.

Ien fan de plysjeminsken waard tsjin de holle skopt. De man is úteinlik yn de boeien slein en meinommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)