Blaastest by yngong kroech

De winnende famkes en de insjatyfnimmer
In blaastest by de yngong fan in kroech is neffens jongeren út Snits de oplossing om alkoholmisbrûk foar te kommen. Tiisdei wie der yn Snits in temajûn oer alkohol, dêr't jongeren sels mei ideeën komme koene om it misbrûk ûnder leeftydsgenoaten oan te pakken.
As jongeren minder betelje by de yngong as se neat dronken hawwe, is dat in stimulâns om net te drinken foardat se op stap gean.