SC Cambuur út bekertoernoai

09 nov 2010 - 22:03

SC Cambuur is út it bekertoernoai. Tsjin RKC waard tiisdeitejûn thús mei 4-1 ferlern. Nei de earste helte seagen de Ljouwerters al tsjin in 2-0 achterstân oan troch doelpunten fan Fred Benson út in strafskop en Donny de Groot.

Yn de 60ste minút waard it 3-0 foar RKC troch Derk Boerrigter. Cambuur kaam noch efkes werom yn de wedstryd troch in doelpunt fan Oguzhan Türk. Mar yn de 80ste minút makke Roald van Hout definityf it ferskil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)