Konsert ta eare fan Folkertsma

09 nov 2010 - 21:01

Yn maaie takom jier wurdt der yn Aldeboarn in grêftkonsert holden ta eare fan de Fryske klassike komponist Paulus Folkertsma. It konsert sil plakfine foar it eardere wenhûs fan Folkertsma. It is bedoeld om mear omtinken te krijen foar dizze Fryske komponist, dy't libbe fan 1901 oant 1972.

Paulus Folkertsma wie skoalmaster yn Aldeboarn en komponearre hûnderten lietsjes, oargelwurken en operettes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)