Eask: TBS foar messwaaier

De 41-jierige man dy't yn jannewaris op It Hearrenfean mei in mes stie te swaaien op it skoalplein fan syn bern moat ûnder twang en yn in klinyk behannele wurde. Dat docht bliken út neier psychologysk ûndersyk yn opdracht fan de rjochtbank. It iepenbier ministearje easket dêrom 3 jier sel plus TBS mei twangferpleging tsjin de man út Sweagerbosk.
In ûnrjochtfeardich hege eask, sa fynt syn advokaat Tjalling van der Goot.