Opsterlân lilk op Hearrenfean

Yn Opsterlân binne se min te sprekken hoe't de gemeente Hearrenfean oanstjoert op útwreiding. Ferline wike makke Hearrenfean trije opsjes bekend om as gemeente te groeien. As tredde mooglikheid is in weryndieling mei dielen fan Boarnsterhim, Opsterlân en Skarsterlân neamd.
Dêr sil Opsterlân lykwols net oan meiwurkje. Boargemaster en wethâlders binne der net oer te sprekken omdat yn it foar alhiel net oerlein is oer de saak.