Boek oer histoarje SBB-natuer

© Omrop Fryslân
It nije regear wol natoerterreinen fan Steatsboskbehear (SBB) dy't bûten de Ekologyske Haadstrukteur lizze, ferkeapje omreden fan besuniging. Dan is it noch mar de fraach oft wichtige kultuerhistoaryske eleminten bewarre bliuwe yn Súdeast-Fryslân, fynt boskwachter Vriezema.
De natoerbehearder besiket dy eleminten krekt te behâlden. Oer de kultuerhistoarje fan de Steatsboskbehearterreinen yn West-Stellingwerf komt tiisdei in boek út.