Jonge (11) op fyts oanriden

09 nov 2010 - 11:22

In jonge fan 11 jier út Drachten is moandeitejûn ferwûne rekke by in oanriding op De Tijen yn syn wenplak. It slachtoffer helle flak foar de krusing mei De Kolken in auto yn. Op dat stuit kaam der fan 'e oare kant krekt ek in auto oan. In frontale botsing wie it gefolch.

De jonge rekke ferwûne oan 'e holle. Nei behanneling by de Dokterswacht koe er wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)