Tipjild foar stellen tegeltjes

09 nov 2010 - 11:09

De man fan wa't begjin oktober djoere wandtegels stellen binne, hat in beleanning fan 25.000 euro útloofd. De man rekke hûndert 17e-ieuske tegels fan syn kolleksje kwyt by in ynbraak yn syn hûs. Dat wie moarns tusken seis oere en healwei njoggenen.

De ynbrekkers moatte witten hawwe dat de man de tegels yn 'e hûs hie, want se hawwe allinne de seldsume meinaam. Se wisten ek wannear't de man net thús wie. De saak komt tiisdei yn Opsporing Verzocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)