Wer kontenerbrân De Lemmer

09 nov 2010 - 10:39

Der binne fannacht op 'e Lemmer wer konteners yn de brân stutsen. In bewenner fan de Singel rûkte om ien oere in brânlucht. Hy seach dat yn in tún fan bewenners oan de Lijnbaan konteners yn 'e brân stienen. Tegearre mei in buorman hat er de trije konteners yn it gers smiten en it fjoer útmakke.

It ôfrûne heal jier binne op 'e Lemmer al mear as fjirtich kear konteners yn 'e brân stutsen. Dêrfoar is noch hieltyd net in fertochte oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)