Protte reaksjes by Vitens

09 nov 2010 - 10:02

By wetterbedriuw Vitens binne sûnt moandei tsientallen reaksjes binnenkaam oer knetterjende en fluitsjende wettersieders en senseo apparaten. It wetterbedriuw ûndersiket op dit stuit wat de oarsaak wêze kin fan de problemen. Dêrom fynt it bedriuw it ek belangryk om te witen út welke plakken yn Fryslân de measte klachten weikomme.

De klachten binne ûntstien neidat Vitens it wetter yn it westen fan Fryslân helderder makke hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)