Leenstra net op 3000 meter

09 nov 2010 - 09:07

Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel docht dit wykein net mei oan de 3000 meter op de wrâldbeker yn Thialf. Leenstra hat har dit wykein ek pleatst foar de 500, de 1000 en de 1500 meter, mar se fynt fjouwer ôfstannen krekt tefolle.

De reedrydster fan de Hofmeier-ploech wie it ôfrûne wykein op de NK ôfstannen de iennige dy't har pleatste foar alle ôfstannen. Leenstra har plak wurdt ynnommen troch Jorien Voorhuis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)