Gjin nije baaljes stedskantoar
Der wurdt foarearst neat dien oan de lange wachttiden yn it Ljouwerter stedskantoar. De gemeenterie skrast de komst fan mear baaljes. Dat smyt fjouwerhûnderdtûzen euro op. Dat die moandeitejûn bliken by de behanneling fan de begrutting foar takom jier.
Alle riedsfraksjes fûnen it net kinnen om in miljoen euro te stekken yn de ferbou fan it stedskantoar wylst op oare saken yn de gemeente miljoenen euro's besunige wurdt.
Trefwurden:
argyf