CJIB bart jild fan provinsje

08 nov 2010 - 22:38

Fryske ûndernimmers dy't de miljeuregels oertrede wurde hurder oanpakt. De provinsje en it Centraal Justitioneel Incasso Bureau yn Ljouwert hawwe moandei ôfpraat dat it CJIB tenei de boetes foar miljeudelikten ynkassearje sil.

Neffens deputearre Adema is it CJIB folle better taret op it ynbarren fan jild fan bekeurings en boetes as de provinsje, want by it CJIB wurdt jierliks allinnich al 12 miljoen oan ferkearsboetes ynbard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)