Nominaasje foar Thom Mercuur

08 nov 2010 - 21:01

Thom Mercuur, âld-direkteur fan museum Belvédère op It Hearrenfean, is nominearre foar in Patron of the Arts Award. De priis wurdt dit jier foar it earst útrikt. Hy is ûnderdiel fan de Montblanc Museum Awards. De priis giet nei in persoan dy't in bysûndere bydrage levere hat oan de Nederlânske museumyndustry.

Neist Mercuur binne Elise Wessels fan it Japanske printekabinet yn Amsterdam en Evert Louwman fan it automobyl-museum yn Den Haach nominearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)