Oarlochsmonumint Soarremoarre

Op Soarremoarre tusken Akkrum en Aldeboarn is in oarlochsmonumint ûntbleate. It is der delset as betinking fan 'e seis omkommen bemanningsleden fan in Ingelske bommewerper dy't 69 jier ferlyn delsketten is. De bommewerper wie op 'e weromreis fan Berlyn.
Neibesteanden út Ierlân, Ingelân en Nij-Seelân, de ambassadeur fan Nij-Seelân en skoalbern wiene derby. Militêren fan de Fleanbasis Ljouwert bliezen The Last Post.