Cambuur test Van Beukering
Jhonny van Beukering komt op proef by SC Cambuur. De âld-fuotballer fan NEC, Vitesse en De Graafschap levere earder dit seizoen syn amateurkontrakt yn by Go Ahead Eagles.
Neffens Cambuurdirekteur Alex Pama binne der no tefolle blessueres en dêrtroch is de seleksje te lyts. Van Beukering traint fan woansdei ôf in pear dagen mei.