Sponsor yn byld foar damteam

08 nov 2010 - 16:24

Damkombinaasje Fryslân wol mei help fan in nije sponser nei de top fan Nederlân yn de nasjonale damkompetysje. De dammers út Wânswert moatte wol earst promovearje foardat Bougroep Dykstra/Draaisma as nije sponser jild beskikber stelt.

Damkombinaasje Fryslân degradearre ferline jier út de eareklasse, de heechste divyzje yn Nederlân. Op dit stuit stiet it team mei âld-wrâldkampioen Harm Wiersma as grutte blikfanger boppe-oan yn syn klasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)