Súdwest-Fryslân op de buorden

08 nov 2010 - 12:57

De nije gemeente Súdwest-Fryslân bestiet noch net, mar dochs stiet de namme al op plaknammebuorden. By Dearsum, Poppenwier, Raerd, Sibrandabuorren en Tersoal is de namme op de buorden plakt. De doarpen hearre op it stuit noch by Boarnsterhim, mar geane yn it weryndielingsútstel fan dy gemeente oer nei de gemeente Ljouwert.

De ynwenners wolle leaver by de nije Súdwest-Fryslân-gemeente hearre en litte dat mei de ludike plak-aksje witte oan de polityk yn Boarnsterhim

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)