Oppakt foar ynriden op fytser

In Lemster fan 46 jier is oppakt foar ynriden op in fytser. Hy moast ein septimber om healwei achten moarns op in rotonde foarrang jaan oan in fytser (42) út De Lemmer, mar die dat net. De fytser makke fan skrik in hângebeart. De automobilist ried doe achter de fytser oan. Dy moast ferskate kearen útwike oars soe er oanriden wurde.
De autobestjoerder sei by it ferhear tsjin de plysje dat er mei de fytser prate woe. De saak wurdt foarlein oan justysje.